zoek:

Wat is Skilje?


Skilje is de nije foarm fan mobyl beljen. Dat betsjut datst by Skilje gjin abonnemint hast, 65% goedkeaper bellest as prepaid, betellest watst bellest en kontrôle hast oer dyn eigen belgedrach troch de oersichtlike faktueren mei spesifikaasje dy’tst fia e-mail krijst.

 

Skilje draait om fiif kearnwurden: earlik, transparant, maklik, goedkeap en fertroud.

 

Earlik: wy advisearje dy earlik; gjin djoere abonneminten of ekstra’tsjes dêr’tst neat oan hast. To-the-point en fair. As wy sizze datst werombelle wurdst, dan wurdst ek werombelle.


Transparant: alle kosten en betingsten op in rychje. Gjin ûnferwachte ferrassings by Skilje.


Maklik: it trochjaan fan wizigings of it stellen fan fragen kin maklik fia it lokale helpdesknûmer of troch it ynfoljen fan in simpel helpformulier op de website.


 

Goedkeap: goedkeape tariven en do betellest allinnich ast belle hast.


 

Fertroud: Skilje stiet ticht by dy. Reaksjes wurde troch persoanen behannele en net troch logge ynstânsjes. Gau reaksje en altyd fertroud. Dat is Skilje. 

 

Sjoch hjirûnder foar mear foardielen!

 

 

 

Prepaid                                                      Skilje 
Yn ’t foar betelje                                        Efterôf betelje
Trochinoar € 0,35 de minút  Trochinoar € 0,14 de minút  
Belje watst betelle hast  Betelje watst bellest 
Telefoanysk ynsjoch yn dyn belgedrach  Fia dúdlike faktuer ynsjoch yn dyn belgedrach           

 
Bist al oertsjûge fan Skilje, meld dy dan no oan!