De Skilje-simkaart kinst ienfâldich yn trije stappen yn ’e hûs hawwe. It iennichste watst foar Skilje nedich hast is in simlock-frije mobile telefoan.
1. Bestelle
Bestel Skilje online
Do krijst in nij nûmer of do nimst fergees it nûmer mei datst no ek hast*.
Folje dyn gegevens folslein yn en meitsje ien kear € 12,50 aktivaasjekosten oer nei Skilje as befêstiging. Sadree’t wy dyn betelling krigen hawwe, regelje wy alles.
* Dat kin ek as it in prepaid-nûmer is. By behâld fan it telefoannûmer datst no ek hast hoechst neat troch te jaan oan de provider dy’tst no hast. Skilje soarget derfoar dat dyn nûmer oerdroegen wurdt.
2. Aktivearje
Ast in nij Skilje-nûmer bestelst en do soargest derfoar dat de € 12,50 op ús rekken stiet, dan hast binnen in oantal dagen dyn nije simkaart al yn ’e hûs!*
Doch de Skilje-simkaart yn dyn tastel en belje fia Skilje.
* Mocht der sprake wêze fan nûmerbehâld, dan krijst dyn simkaart letter. Wy hawwe dan earst tastimming nedich fan de provider dy’tst no hast om dyn nûmer oersette te kinnen. By in prepaid-oersetting moatst rekken hâlde mei op syn minst tsien wurkdagen.
Ast in abonnemint oersette wolst, stjoere wy dy dyn simkaart in oantal dagen foar de oersetting ta. Dat sil langer op him wachtsje litte yn ferbân mei de rintiid fan it kontrakt datst no hast en/of de opsistermyn by de provider dy’tst no hast.
3. Belje
No kinst belje foar € 0,14 de minút en sms'e foar € 0,07 per sms.
Do kinst dyn eigen belgedrach ynsjen fia de faktueren dy’tst mei spesifikaasjes op dyn e-mailadres krijst.
Oertsjûge fan it gemak fan Skilje? Gean dan nei Oanmelde om fan Skilje gebrûk te meitsjen.




