Do wolst dy oanmelde by Skilje. Hjirby wolle wy dy alfêst fan herte wolkom hjitte.
Mar foardatst it oanmeldingsformulier ynfollest, wolle wy dy graach op in tal belangrike punten wize:
Ast dyn nûmer hâlde wolst en do hast no noch in abonnemint by in oare provider, dan hawwe wy neist it simkaartnûmer datst no hast dyn NAW-gegevens nedich sa’t dy by de âlde provider bekend binne.
As dyn, by de âlde provider bekende, NAW-gegevens ôfwike fan de NAW-gegevens fan no, fersykje wy dy om dyn gegevens fan no op it oanmeldingsformulier yn te foljen en de by de âlde provider bekende gegevens yn it fak mei opmerkings.
Ast in nij nûmer oanfregest, kinst dyn simkaart binnen in pear wurkdagen thús ferwachtsje.
Litst in prepaid nûmer oersette nei Skilje, dan moatst rekken hâlde mei op syn minst tsien wurkdagen.
By it oersetten fan in abonnemint nei Skilje (dus mei nûmerbehâld) krijst de simkaart in pear dagen foar de oersetting thús stjoerd. De krekte datum hingte ôf fan de rintiid fan dyn abonnemint en/of de opsistermyn fan de provider dy’tst no hast.
Skilje makket gebrûk fan in frij nij type simkaart, de U-Sim. Net alle âldere mobile tastellen akseptearje dy simkaart. Foar nije tastellen is dat gjin probleem, mits der fansels gjin simlock op it tastel sit (de simlock kin der lykwols fia de provider dy’tst no hast ôfhelle wurde, sjoch ek fraach & antwurd). Ast in âlder tastel hast, is it miskien ferstannich om ús efkes te freegjen oft dyn tastel geskikt is.
Om dyn oanmelding suksesfol ôfhannelje te kinnen moatst sels earst € 12,50 nei Skilje oermeitsje fia it bankrekkennûmer dêrsto fan wolst dat wy dyn faktueren ôfskriuwe kinne. Sa witte wy dat wy de krekte gegevens hawwe en befêstigesto dyn oanfraach. De € 12,50 binne de aktivaasjekosten foar Skilje. Tink derom: wy kinne dyn oanfraach pas yn behanneling nimme, as wy dy € 12,50 krigen hawwe.
Do kinst it bedrach fan € 12,50 oermeitsje nei:
| Bankrekkennûmer: | 15.03.27.684 |
| Op namme fan: | VrieService (Skilje is in ûnderdiel fan VrieService) |
| Neam dêrby: | Skilje + dyn namme + (as dat fan tapassing is) it mobile nûmer datst meinimme wolst nei Skilje. |
Nei dyn oanmelding krijst in e-mail ta befêstiging. Hast nei dyn oanmelding gjin e-mail krigen, dan is der nei alle gedachten wat misgien mei dyn oanmelding. Nim dan kontakt op mei ús helpdesk fia dizze website, fia e-mail of telefoanysk.
By Skilje hast gjin fêst kontrakt. Do kinst Skilje elke moanne opsizze. Skilje hat wol in ferbrûksminimum fan € 3,50 yn ’e moanne. Dat betsjut dat, ast foar minder as € 3,50 yn ’e moanne bellest of sms’st, altyd op syn minst € 3,50 betellest.




